OPSTERLAND
|
SMALLINGERLAND
106.5 FM

Earste eksimplaar nije lesboekjes útrikt

Earste eksimplaar nije lesboekjes  útrikt
Op tiisdei 1 july 2025 is op basisskoalle it Pompeblêd it earste eksimplaar útrikt fan de nije Fryske lesboekjes Kreatyf Skriuwen en Staveringsline. Nei de presintaasje waard de earste offisjele Fryske les út de nije metoade jûn oan groep 7 fan ‘t Pompeblêd.
 
De moarn begûn mei it útrikken fan de earste boekjes oan juf Melissa Bakhuizen–van der Molen, troch Skelte Anema fan de Afûk. Melissa is juf fan groep 6 en taalkoördinator op de skoalle. Nei de útrikking fan de boekjes waard der in les fersoarge troch master Hessel yn groep 7. Hy sei nei ôfrin: “Dit is krekt wat we nedich hiene, it slút oan by ús fyzje en de opdrachten sprekke de learlingen hiel bot oan!”. Ek Andries Pieter, learling út groep 7 wie entûsjast. “Frysk is de taal fan myn hert en dêrom fyn ik it wichtich. Ik fûn foaral de opdracht mei it geheimtaal in moaie en leuke opdracht.”
 
De metoade bestiet út fjouwer nivo’s mei elts seis staveringslessen en seis lessen kreatyf skriuwen. De twatalige hantlieding helpt de learkrêft by it tarieden, útfieren en evaluearjen fan de lessen. De Afûk hat hjirmei in tagonklike metoade ûntwikkele dy’t in stevige basis jout foar it Frysk skriuwûnderwiis.
De boekjes binne fan no ôf te bestellen fia: www.websjop.afuk.frl (sykje op 'staveringsline') 
 
Auteur Daniël Dijkstra, Smelne FM


Button