‘Hjir siet in echte artyst.’ Sa oardielde sjuerylid Willem de Vries sneon oer ‘De held en de lul’, it winnende nûmer fan SjONG 2025, útfierd troch Max Bosma út Feanwâlden. De priis foar bêste sjongtekst gie nei Rowen Swart (Snits) mei ‘Yn myn dreamen’. SjONG fûn dit jier foar de alfde kear plak.
In folle Neushoorn seach hoe’t Max de oerwinning binnen song mei
‘De held en de lul’, in Fryske ferzje fan in nûmer fan Racoon. ‘Syn sang en pianospul wiene it bêste fan de hiele jûn, hy spile hiel folwoeksen,’ stelde Willem de Vries, dy’t mei Janneke Warringa en Tjits van der Wal de muzyksjuery fan SjONG 2025 foarme.
De twadde priis gie nei Luuk Houweling en Jurre Feenstra, de jonges út Dokkum mei it nûmer ‘Ik fyn it allegearre wol bêst’, in Fryske cover fan ‘Banana Pancakes’ fan Jack Johnson. Tjits van der Wal: ‘It is in act dy’t sa de feesttinte yn kin.’ De tredde priis gie nei Rowen Swart út Snits mei ‘Yn myn dreamen’, oftewol ‘Sailor Song’ fan Gigi Perez. Janneke Warringa: ‘Rowen wie brekber en supersteady tagelyk. It wie as song er foar my allinne, it kaam hiel tichtby.’
Tekstpriis
Dyselde Rowen wûn ek de priis foar bêste sjongtekst. Tekstsjuerylid en Dichter fan Fryslân Arjan Hut hie alle teksten fan tefoaren bestudearre en makke de winner tidens de finale bekend. De tekst fan Rowen is net in fertaling, mar in nij ferhaal en dat fûn Hut moai: ‘Rowen hat it perspektyf fan in dreamer hiel goed útwurke yn dizze sjongtekst.’
Wat is SjONG?
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, it wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en coachingssesjes en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste acts geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis.
Auteur Daniël Dijkstra, Smelne FM